1 of 13

Undersyksfeardigens

Gefinancierd door de Europese Unie. De hier geuite ideeën en meningen komen echter uitsluitend voor rekening van de auteur(s) en geven niet noodzakelijkerwijs die van de Europese Unie of het Europese Uitvoerende Agentschap onderwijs en cultuur (EACEA) weer. Noch de Europese Unie, noch het EACEA kan ervoor aansprakelijk worden gesteld.

Les 5

2 of 13

Lesdoelen

Watst dizze les dwaan silst.

    • It belang fan betroubere boarnen yn ûndersyk begripe.

    • Underskied tusken primêre, sekundêre en tertiêre boarnen meitsje.

    • Effektive ûndersykstechniken ûntwikkelje troch gebrûk te meitsjen fan online databases, biblioteken en akademyske tydskriften.

3 of 13

Oerlis mei inoar

5 minuten

Wêrom is it krúsjaal om betroubere boarnen te hawwen as we oer histoaryske/wichtige minsken of foarfallen hawwe?

4 of 13

Diskusje yn ‘e klasse

5 minuten

Watfoar gatten hasto sjoen yn de artikels dy’tst oant no ta besjoen hast?

Hoe kinne dy gatten folle wurde mei korrekte ynformaasje?

5 of 13

Ynformaasje út ‘e earste hân:

  • Orizjinele boarnen fan it momint fan it foarfal of troch immen dy’t der direkt mei te krijen hie.
  • Bygelyks: brieven, deiboeken, foto’s of offisjele dokuminten út in histoaryske perioade.

Direkt ferbân:

  • Soarget foar in direkte link mei it foarfal of de persoan, wat foar ûnfiltere ynsichten soarget.
  • Bygelyks: Joost Klein ropt “f**** Eurovision” by optreden yn Kanada.

Soarten fan boarnen

Primêre boarnen

Sekundêre boarnen

Tertiêre boarnen

Analyze en ynterpretaasje:

  • Ynformaasje útbrocht nei ôfrin fan it foarfal, mei in analyze derfan, of in ynterpretaasje.
  • Bygelyks: skiednisboeken, biografyen, dokumintêres.

Yndirekt perspektyf:

  • Stelt primêre boarne oan ‘e kaak en soarget sa foar in breder begryp derfan
  • Bygelyks: in boek oer de ynfloed fan de twadde wrâldoarloch op de mienskip.

Gearfetting:

  • Kompilaasje of gearfetting fan ynformaasje út primêre en sekundêre boarnen.
  • Bygelyks: ensyklopedyen, wurdboeken, tekstboeken.

Tagonklike referinsje:

  • Wurdt brûkt foar in rap oersjoch of foar achtergrûnynformaasje.
  • Bygelyks: in stik yn in ensyklopedy oer in spesifyk histoarysk barren.

6 of 13

Diskusje yn ‘e klasse

5 minuten

Kinst foarbylden betinke fan primêre boarnen dy’t te krijen hawwe mei bekende froulju út de skiednis?

Op watfoar manier biede dy boarnen weardefolle ynsichten?

7 of 13

Foarbyld fan in primêre boarne: memoriaal fan Albertine Agnes fan Oranje-Nassau

De boarne is in boek dat yn in soad biblioteken te lien is: https://search.worldcat.org/nl/title/71739734

Yn it memoriaal van weghen Haer Hoogheydt de Princesse Douairière van Nassauw, inghediendt ter vergaederinghe van d’Ed. Mog. H.H. Staaten van Frieslandt den 9/19 Joii 1 1672 wol de prinses fan Oranje de Fryske Steaten oansette om yn aksje te kommen.

Jansen, S. 2023, 6 april. Albertine Agnes (1634-1696), de vrouw die Friesland redde. Historiek.net. https://historiek.net/albertine-agnes-van-oranje-vrouw-die-friesland-redde/150734/

8 of 13

Foarbyld fan in sekundêre boarne: boek oer Albertine Agnes fan Oranje-Nassau

De vrouw die Friesland redde, troch Sunny Jansen

  • Foar dit boek hat de skriuwer gebrûk makke fan primêre boarnen
  • It boek is in sekundêre boarne, omdat de skriuwer Sunny Jansen de skiednis ynterpretearret en har perspektyf derop biedt

9 of 13

Foarbyld fan in tertiêre boarne: artikel fan Albertine Agnes fan Oranje-Nassau yn Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland

Link nei it artikel: https://resources.huygens.knaw.nl/vrouwenlexicon/lemmata/data/AlbertineAgnes

  • De ynformaasje komt út ferskillende ferifiëarre boarnen
  • In list fan primêre en sekundêre boarnen kinst fine oan ‘e ein fan it artikel

10 of 13

Tertiary Source Example:

Dictionary of Irish Biography

Link to DIB page for Dr Kathleen Lynn: https://www.dib.ie/biography/lynn-kathleen-a4964

    • Information compiled from various verified sources
    • A list of Primary and Secondary Sources provided at the end of the article
    • Links to other notable figures in Lynn’s life

11 of 13

Groepsopdracht

10 minuten

    • Meitsje groepen fan trije of fjouwer.

    • Brûk de list mei boarnen om ûndersyk te dwaan nei in bekende frou.

    • Hâld oantekens by fan watst fynst!

    • Hoe maklik/dreech wie it om ynformaasje te finen?

12 of 13

Húswurk

Om te dwaan foar de folgjende les!

    • Beslis oer watfoar frou oftsto dyn artikel skriuwe silst foar dit projekt.

    • Sykje út wêr’tst ynformaasje oer har fine kinst en meitsje in list fan de boarnen dy’tst dêrfoar brûke kinst.

    • Meitsje gebrûk fan de boarnen sa as we earder beneamd hawwe: biblioteken en online boarnen foar biografyen.

13 of 13

Ein fan de les