SDS slotjûn mei barbecue!
SDS organisearet op sneon 26 maaie nei de lêste wedstryd fan SDS 1 tsjin TOP'63 1 in SDS-jûn yn de SDS-kantine as moaie ôfslúter fan it seizoen.
Ûnder it genot fan in hapke en in snapke en muzyk fan Gerrit Poortinga slúte wy sa it fuotbalseizoen moai mei syn allen ôf.
Jûns kinne wy dan moai mei syn allen de finale fan de Champions League op it grutte skerm sjen.

Mei dit formulier kinne je je opjaan foar de barbecue.
De barbecue giet los om in oer as 18.00 oere.
De kosten hjirfoar binne €10,- Dit kin op de dei sels betelle wurde oan de ponghâlder fan SDS, Henk Postma.
Frijwilligers meie fergees.

Dizze SDS-jûn is foar elkenien dy 't SDS in waarm hert tadraacht.
Wy ferwachtsje fansels alle senioaren, sealfuotballers, junioaren, stipers, âld-leden, Efkes Ballers, supporters, frijwilligers, spilersmanlju, froulju, heiten en memmen, spilersfroulju, pakes en beppes, Wommelsers, Itensers, Eastereiners, Reahûsters en neam it mar op.

Graach opjaan mei help fan dit formulier foar tiisdei 22 maaie!

Namme *
Your answer
Eameladres *
Your answer
Docht mei oan de barbecue *
Frijwilliger?
Submit
Never submit passwords through Google Forms.
This content is neither created nor endorsed by Google. Report Abuse - Terms of Service