Erfguodynformaasje op it ynternet
In protte minsken binne der oan wend om ynformaasje te dielen mei oaren op it ynternet. Meastentiids bart dit fia de social media lykas Facebook en Instagram.

Dit ûndersyk giet oer it dielen fan jo persoanlike erfguodynformaasje op it ynternet. Jo persoanlike erfguodynformaasje is ynformaasje oer de lokale histoarje fan it plak, de streek of de provinsje wêr't jo opgroeid binne. It kin gean oer eardere barrens dy't jo meimakke ha, bysûndere minsken dy't jo kend hawwe as de skoalle dy't jo earder besocht ha. Jo kinne ek tinke oan jo famylje en foarâlders, de taal dy't jo doe sprutsen en de wurden dy't jo brûkten, de lokale tradysjes en gebrûken wêrmei't jo opgroeid binne of de club wêr't jo sporten of musisjerre ha.

Erfguodynformaasje kin yn jo unthâld sitte yn de foarm fan oantinkens en ferhalen mar kin ek bestean út bygelyks in âlde foto dy't josels makke hawwe, kocht op in rommelmerk as krige/erve hawwe fan jo âlders, pakes en beppes.

Dizze enkête ûndersiket at en hoe't jo dit soarte fan ynformaasje diele wolle mei oaren fia it ynternet.

It ynfoljen fan de enkête kostet oer it algemien net mear as fiif minuten tiid. Der wurde gjin privacy gefoeliche gegevens frege of opslein en de enkête is folslein anonym.

Ik wol jo hertlik betankje foar it ynfoljen fan dizze enkête. Mochten jo nei ferrin fan tiid ynformeard wurden wolle oer de útkomsten fan it ûndersyk dan kinne jo dat oan it ein fan de enkête witte litte troch jo e-mailadres oan te jaan.

Mei freonlike groetnis,

Bauke Folkertsma

Oer jo persoanlik
Alderearst kinne jo hjir in oantal persoanlike gegevens oer jo slachte, wenplak, leeftyd, berteplak en opliedingsnivo ynfolje.
Yn hokker leeftydskategory falle jo? *
Binne jo in man as in frou *
Yn hokker Nederlânske provinsje wenje jo? *
Hoefolle ynwenners hat jo hjoeddeistige wenplak likernôch? *
Hoefolle ynwenners hie it plak wêryn't jo opgroeid binne likernôch? *
Sjogge jo josels as in typyske "stedsbewenner", in "doarpsbewenner" of gjin fan beide? *
Wat is jo opliedingsnivo *
Beskikberens fan erfguodynformaasje op it ynternet
De folgjende fragen gean oer wat jo no al witte en fine oer de erfgoudynformaasje fan jo berteplak, -streek of -provinsje op it ynternet. Tink derom: berteplak, -streek of -provinsje kinne jo ek sjen as it plak, de streek of de provinsje wêr't jo opgroeid binne! It giet om it plak wêr't jo fanút jo jongerein de measte ferbining mei fiele.
Der is in protte erfguodynformaasje oer myn berteplak, -streek of -provinsje te finen op it ynternet *
Ik fyn it wichtich dat erfguodynformaasje op it ynternet te finen is *
Ik in protte ynteresse yn erfguodynformaasje op it ynternet *
Ik besykje wolris websiden wêrop as erfguodynformaasje te finen is *
It dielen fan jo persoanlike erfguodynformaasje
Betink no dat jo yn it besit binne fan in âlde foto dy't nommen is yn jo berteplak. (sjoch smar in foarbyld hjirûnder fan it doarp Stynsgea yn Fryslân).

De folgjende fraach giet oer it wol of net dielen fan dizze foto op it ynternet.

Alde foto
Soenen jo oerwaagje om dizze foto op it ynternet te dielen? *
Type webside
Der binne withoefolle websiden en sosjale media wêrop as jo de foto diele kinne. Dit kin bygelyks op in spesjale webside oer de histoarje fan jo berteplak of bertestreek of op in pleatslik behearde Facebookside dy't hjiroan wijd wurdt.

Dizze websiden of sosjale media fariearje faak kwa omfang fan it oandachtsgebiet. De iene giet bygelyks hielendal oer ien en itselde plak of streek. In oare giet bygelyks oer in provinsje, hiel Nederlân, Europa of sels de hiele wrâld (lykas Wikipedia of Google).

Beantwurdzje de folgjende fragen oer it type webside dat jo it leafst brûke soenen om de foto mei oaren te dielen.

Ik soe myn foto publisearje op in webside of social media side oer de histoarje fan *
As ik kieze koe publisearje ik de foto it leafst *
Motivaasje
Yn de folgjende fragen wol ik graach ûndersikje wêrtroch as jo motivaasje foar it dielen fan de foto beynfloede wurdt. Jo kinne per argumint op in skaal fan 1 oant 5 oanjaan hoefier jo motivaasje hjirtroch fersterke wurdt.
Dat de foto ûnderdiel wurdt fan in omfangryk sosjaal medium lykas Facebook, Twitter of Instagram fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat de foto diel útmeitsjen giet fan in lytse relatyf ûnbekende webside fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat de webside wêrop as ik myn foto diel pleatslik yn myn berteplak, -streek of -provinsje beheard wurdt fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat de webside wêrop as ik myn foto diel allinne giet oer de histoarje fan myn eigen berteplak, -streek of -provinsje en oars nearne oer fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat oaren út myn berteplak, -streek of-provinsje ek sokke foto's diele op deselde webside fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat oaren my freegje om de foto te dielen op it ynternet fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat oaren my helpe wolle om de foto te dielen op it ynternet fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat de webside folle mear erfguodynformaasje fan myn berteplak, -streek- of -provinsje befettet fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat de webside ek erfguodynformaasje fan alle oare plakken yn myn geboortestreek of -provinsje befettet fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat der in lokale redaksje is dy't ik belje kin as ik fragen ha oer de webside fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat de webside yn myn eigen streektaal beskikber is fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Dat myn berteplak, -streek of -provinsje dúdlik herkenber is yn de namme fan de webside fersterket myn motivaasje *
Alhiel net
In hiele soad
Einde
Hjirmei hawwe jo it ein fan dizze fragelist berikt. Ik wol jo fan herte betankje foar jo meidwaan.

As jo ynteresse hawwe yn de útkomsten fan dit ûndersyk dan kinne jo hjirûnder jo e-mailadres efterlitte. Ik sil jo dan ynformearje sa gau as de úkomsten fan it ûndersyk bekend binne.

Mei freonlike groetnis,
Bauke Folkertsma
(t): +31 (0)651151519 I (e): bauke.folkertsma@stenden.com I (i): www.stenden.com

Jo e-mailadres (inkeld as jo opé hichte brocht wurde wolle fan de útkomsten fan dit ûndersyk) *
Your answer
Submit
Never submit passwords through Google Forms.
This content is neither created nor endorsed by Google. Report Abuse - Terms of Service - Additional Terms