Enkête digitale taalhelpmiddels Frysk
Wolkom! Us wrâld wurdt hieltyd digitaler en dêrtroch brûke we mear digitale taalhelpmiddels foar ús kommunikaasje. Faak yn it Nederlânsk, mar ek yn it Frysk. Dit dogge wy net allinne mûnling en op papier, mar ek fia kompjûter, tablet en smartphone. De provinsje Fryslân stribbet dernei om it makliker en fanselssprekkend te meitsjen om it Frysk te kiezen as dat past, mei wa't jo ek kommunisearje en hokker apparaat jo dêr ek foar brûke.
Om sa goed mooglik te foldwaan oan it ferlet fan de Friezen, wol de provinsje earst yn kaart bringe wat minsken witte fan besteande digitale taalhelpmiddels en hoefolle gebrûk sy dêr fan meitsje. De útkomsten fan dizze enkête sille de basis foarmje foar myn masterskripsje. It ynfoljen fan de fragelist kostet maksimaal 15 minuten. Under de dielnimmers oan de enkête wurde fiif VVV-bonnen ferlotte.


Alfêst betanke foar jo meiwurking!

Anna Fardau Schukking
Undersyksstazjêr opjefte Frysk Kapitaal, provinsje Fryslân
Master studinte Multilingualism, Ryksuniversiteit Grins

E-mailadres: a.f.schukking@fryslan.frl

Next
Never submit passwords through Google Forms.
This form was created inside of University of Groningen. Report Abuse - Terms of Service - Additional Terms