SDS-fuotbalmikstoernoai, klaverjassen en kuierjen op sneon 6 jannewaris!
Op sneon 6 jannewaris hâlde wy by SDS wer in nijjierssit mei in mikstoernoai 7-tsjin7 foar alle fuotballers en fuotballeafhawwers út Easterein en omjouwing. Fanôf in oere as 13.00 oere meie de senioaren fan it 1e, 2e, 3e, 4e, de JO17, de VR., de 7x7, de sealfuotballers en de Efkes Ballers (sawol manlju as froulju), mar ek âld-SDS’ers en supporters mei en tsjin elkoar balje. Lju dy 't leaver net balje kinne klaverjasse of in eintsje te rinnen!

Supporters binne fansels ek fan herte wolkom!

Ien en oar sil ôfslúten wurde mei in stikje muzyk ûnder it genot fan in hapke en in snapke!

Foar elts wat tochten wy sa en as wy no allegear meidogge dan kin it in alderaardichste dei wurde!

Graach opjaan foar it klaverjassen en fuotbaljen foar 3 jannewaris!
Foar it fuotbaljen meie je je ek opjaan by je leider of trainer.
Foar it kuierjen hoefe je je net per sé op te jaan.

Ien en oar sil heechstwierskynlik rûn in oer as 13.00 oere begjinne. 
Wat foar muzyk der komt hâlde wy noch efkes ûnder de pet.
Sign in to Google to save your progress. Learn more
Foarnamme *
Efternamme *
Eameladres *
Ik doch mei oan it: *
Submit
Clear form
Never submit passwords through Google Forms.
This content is neither created nor endorsed by Google. Report Abuse - Terms of Service - Privacy Policy